Ministerried foar gasboarrings

08 jun 2004 - 00:00

De provinsje Fryslân is teloarsteld yn it regear no't dy sûnder fierder oerlis it beslút nommen liket te hawwen troch te setten mei gasboarrings op it Waad.

Minister Veerman fan Lânbou, Dekker fan RO en Brinkhorst fan EZ hawwe freed yn de ministerried ôfpraat om de oanbefellings fan de kommisje Meijer te folgjen. De provinsje miende dat wachte wurde soe op in rapport fan ûndersyks- ynstitút Alterra. De Waadferiening oerwaget nei de rjochter te stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)