Plom foar plysjes Fryske Diken

07 jun 2004 - 00:00

De plysjes fan it team Fryske Diken ha moandei in fear yn de broek krigen fan korpssjef Wagenaar. Wagenaar rikte har it byldsje 'de verstomde schreeuw' út.

It byldsje is bestimd foar persoanen of ynstânsjes yn Fryslân dy't har bysûnder ynsette foar de ferkearsfeiligens. It plysjeteam Fryske Diken wist de ferkearsslachtoffers mei in tredde werom te bringen. It orizjineel fan it byld stiet by Aldtsjerk oan de dyk ta neitins oan ferkearsslachtoffers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)