Twadde foarlieding saak Lusanne

© Omrop Fryslân
Justysje bringt in twadde man foar de rjochter yn ferbân mei de saak Lusanne van der Gun. In 57-jierrige man út Tweede Exloërmond moat him op 22 juny ferantwurdzje. Him wurdt meiplichtigens oan de gizeling ten lêste lein. Hy wist dat syn kennis it famke ûntfierd hie.
Lusanne van der Gun waard yn augustus twa dagen gizele troch in man út Ryptsjerk. Dy hat fiif jier sel krigen. Op 2 july tsjinnet dêr in heger berop tsjin.