Ferwûnen by autoûngelok

07 jun 2004 - 00:00

By in oanriding by Idaard binne moandei twa minsken ferwûne rekke. De twa binne oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. It giet om in frou fan 49 út Hallum en in 15-jierrich famke út Stiens.

De slachtoffers wiene ynsittenden by in 51-jierrige autobestjoerder út Ljouwert en in bestjoerder fan 18 út Hallum. De Ljouwerter ferliende by it oerstekken gjin foarrang oan de Hallumer, dy't fan rjochts kaam. De ferwûnen ha swierrichheden mei sykheljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)