Brân by Theo Faber yn Ljouwert

07 jun 2004 - 00:00

By in brân by bergingsbedriuw Theo Faber yn Ljouwert is moandeitemoarn asbest frijkommen. Platen op it dak dêr't asbest yn sit, binne troch de waarmte sprongen en op it terrein fan it bedriuw telâne kommen.

De bedriuwsshal is folslein ferlern gien by de brân, dy't om seis oere begûn. De brânwacht bestride it fjoer mei fjouwer korpsen en twa heechwurkers. Hoe't de brân ûntstien is, is noch net beken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)