Goud foar Epke Zonderland

© Omrop Fryslân
Epke Zonderland hat sneon by it NK turnjen de nasjonale titel foar senioaren op de mearkamp helle. De Lemster (18) debutearre as dielnimmer foar senioaren. Syn broer Herre (21) waard twad. Ferline jier wûn Herre de nasjonale titel.
Oer seis tastellen wie Epke Zonderland dit jier net benei te kommen. Hy helle 54,450 punten. Broer Herre hie 51,450 punten. Brûns wie der foar Jeroen Hardon.