Wommels en Ie winne bûnspartij

05 jun 2004 - 00:00

De bûnskeatspartij foar jonges fan 14, 15 en 16 jier yn Easterein is sneon wûn troch it partoer fan Wommels. Yn de finale waard it partoer fan Makkum ferslein mei 5-1 en 6-6. Yn de heale finale hie Wommels fan Minnertsgea wûn en Makkum fan Easterein.

De famkes keatsten yn Tsjummearum. Winner dêr waard it partoer fan Ie. Yn in spannende finale waard wûn fan Boalsert mei 5-5 en 6-6. Sint Anne en Aldsyl brochten it ta de heale finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)