Bannen-lekstekkende man oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Easterwâlde mooglik de man oppakt dy't al langere tiid autobannen lek prikt. De man waard freed betrape yn de Stasjonsstrjitte wylst er dwaande wie by in auto. Doe't er de plysje seach naaide er út.
De man koe letter oanholden wurde. It mes dêr't er de bân mei lekstutsen hie, hie er doe al fuortgoaid. De plysje siket dêr noch nei. De dieder is in man fan 49 jier út Easterwâlde.