Deade potfisk wer weromfûn

05 jun 2004 - 00:00

De potfisk dy't ôfrûne wike sinjalearre waard boppe Skiermûntseach, is oanspield op de Súdwest-Lauwers yn de provinsje Grinslân. It deade bist is 20 meter lang en guon saakkundigen tinke dêrom dat it ek wolris om in blauwe finfisk gean kin.

Wat der mei it kadaver barre sil, is noch net bekend. De potfisk wie even poater. Opfarrenden fan in fiskkotter hiene it bist tongersdeitejûn noch sjoen. Sneon waard er dus opnij fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)