Underskieding foar muzykkorps

© Omrop Fryslân
It 'Stedelijk Muziekcorps Harmonie' fan Frjentsjer hat freed de 'Koninklijke legpenning' krigen. It korps krige de keninklike ûnderskieding foar it 150-jierrich bestean. De Harmonie is it âldste muzykkorps fan Fryslân en ien fan de âldsten fan Nederlân.
It jubileum wurdt sneontemiddei yn Frjentsjer fierd mei in grut iepenloftkonsert mei mear as 100 muzikanten. Ek is der in spesjaal boek makke oer de skiednis fan de Harmonie.