Regiosupermerk stiet faai

04 jun 2004 - 00:00

De inisjatyfnimmer fan de regiosupermerk dy't komme soe by Mitselwier, is lilk op de gemeente Dongeradiel. Hy fynt dat it projekt gjin earlike kâns krigen hat om't de gemeente yntusken dwaande wie mei it heljen fan in nije supermerk nei Dokkum.

By Mitselwier soe in regiosupermerk komme moatte, mei ek in kapper, in garaazje, en in húsarts der yn. Doel wie de leefberheid yn de streek te behâlden. It projekt stiet no faai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)