Fryslân Miljeu effektiver

04 jun 2004 - 00:00

Fryslân Miljeu kin de produksje op jiskeweinen met tweintich persint ferheegje. Dat sil barre troch it ynfieren fan it 'diamond-systeem'.

Fryslân Miljeu moat fan gemeenten en provinsje hieltyd effektiver wurkje. It bedriuw is al in skoft op syk nei nije metoaden om ôffal yn te sammeljen. It diamondsysteem dat konteners optilt en leget wurdt yn 2006 ynfiert. Troch it systeem is der by Fryslân Miljeu minder plak foar útstjoerkrêften.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)