Van der Horn sil wer fluitsje

04 jun 2004 - 00:00

Foar it earst yn it Nederlânske fuotbal sil takom seizoen in 'pensjonearre' skiedsrjochter topwedstriden yn it amateurfuotbal liede. Dy primeur is foar Auke van der Horn fan Bûtenpost.

Van der Horn wurdt yn july 60 jier. Om't de KNVB de leeftydsgrins foar skiedsrjochters ôfskaft hat, kin er wer wedstriden fluitsje. In tal jierren lyn moast er noch út de topgroep fan de skiedsrjochters wei, omdat doe noch in leeftydsgrins fan 48 jier jilde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)