Wallage net mear tsjin boarrings

© Omrop Fryslân
It Noarden moat kompensaasje krije foar de gasboarrings yn de Waadsee. Dat hat boargemaster Wallage fan Grins bekend makke. Wallage wie altyd tsjinstanner fan boarrings yn it waad, mar de boargemaster jout it ferset op.
Neffens Wallage sille de gasboarrings dochs wol trochgean om't der in keamermearderheid foar is. It Noarden moat der no safolle mooglik úthelje en in part fan de opbringsten fan de gaswinning opeaskje.