Schuttevaerrace yn Starum los

03 jun 2004 - 00:00

By de start fan de 23e Schuttevaerrace tongersdei yn Starum wie Bob Hanenberg mei syn skip Fast Food as earste fuort. Tsien minuten letter wiene alle 60 skippen de haven út. Ut Starum wei gie it earst rjochting Koarnwertersân en dêrnei nei de Waadeilannen.

De Schuttevaerrace is in triatlon om't de dielnimmers ûnderweis ek drave en fytse moatte. Mar it silen is de haadsaak. Freedtemiddei wurde de earste dielnimmers yn Hylpen ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)