Straf easke foar seksreizen

03 jun 2004 - 00:00

Foar de rjochtbank yn Arnhem is woansdei tsjin in 33-jierrige Kollumer en in 30-jierrige Drachtster in finzenisstraf easke fan seis jier en TBS mei twangferpleging. De beide Friezen wurde derfan fertocht lid te wêzen fan in kriminele organisaasje fan pedofilen dy't seksreizen organisearje.

De 33-jierrige Kollumer wie ICT- meiwurker op in basisskoalle yn Kollum. Der moasten woansdei noch fiif oare fertochten foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)