Rjochtsaak seksreizen yn Arnhem

02 jun 2004 - 00:00

De Kollumer (33) dy't fertocht wurdt fan it regeljen fan pornoreizen, moat woansdei foarkomme foar de rjochtbank yn Arnhem. De Kollumer wie ict- meiwurker op in basisskoalle yn Kollum.

Hy soe seksreizen organisearre ha foar pedofilen. Syn arrestaasje yn desimber soarge foar in soad ûnrêst yn it doarp en op de skoalle dêr't er wurke. Ek in 30-jierrige Drachtster moat foar de rjochter komme. Tsjin 2 oare fertochten is woansdei acht jier sel mei tbs easke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)