Mear leden foar âldereinbûnen

02 jun 2004 - 00:00

Aldereinbûnen krije de lêste moannen hieltyd mear leden. De flugge groei is in gefolch fan de ûnfrede ûnder de âlderen oer it kabinet Balkenende. Se fine dat it regear fierstente min omtinken hat foar de posysje fan âlderein.

De âlderen sizze sels dat se finansjeel útklaaid wurde. De PCOB, it protestants kristlik âldereinbûn, hat der yn Fryslân 500 leden bykrigen yn in moanne tiid. It bûn hat no 8000 leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)