Ruften ynsammelje giet troch

02 jun 2004 - 00:00

Ljouwert giet fierder mei it subsidiearjen fan it ynsammeljen fan smoarge ruften by bernedeiferbliuwen. It gong om in proef fan in heal jier. De gemeente gong út fan 13.000 kilo ruften, mar de seis bernedeiferbliuwen dy't meidienen, sammelen it dûbele yn.

De proef wurdt no útwreide. Aanst meie alle bernedeiferbliuwen yn de stêd meidwaan. Alden kinne de ruften ôfjaan by de deiferbliuwen yn spesjale pûdsjes. De ruften wurde recycled.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)