Grinskorreksje Skier

02 jun 2004 - 00:00

Fryslân is wiis mei de grinskorreksje dy't ôfpraat is foar Skiermûntseach. As de steaten fan de provinsjes akkoart binne, wurdt it diel fan Skier dat no yn Grinslân leit wer fan Fryslân.

Grinslân krijt dêrfoar hast 275.000 euro fan Fryslân. Dat bedrach wurdt betelle om't it grûngebiet fan Grinslân lytser wurdt. Ek de gemeente Eemsmond krijt jild fan Fryslân. It beslút oer de grinskorreksje wurdt nei de simmer nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)