Kreakers moatte derút

© Omrop Fryslân
De kreakers fan de Minnemastrjitte yn Ljouwert moatte der binnen twa dagen út. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. It gebou waard augustus ferline jier beset troch de kreakers. It gebou is fan Stichting Stadsherstel, dy't it opknappe wol.
Eardere fersiken fan de stichting foar ûntromming waarden ôfwiisd. De rjochter fûn dat der doe gjin oanlieding wie. Dy is der no wol om't de kreakers it wurk oan it gebou tsjinhâlde.