Saak tsjin swartrider oanhâlden

© Omrop Fryslân
It is noch net dúdlik hoe't it krekt komt mei de rjochtsaak tsjin de notoare swartrider út Snits. De rjochtsaak tsjin de man is troch de rjochter mei op syn lêst trije moanne útsteld omdat der tefolle ûndúdlikheden yn it dossier sieten. Sa ûntbruts op it treinferbod de namme fan 'e konduktuer.
De Snitser hie in treinferbod omdat hy sûnt 2001 mear as 25 kear trappearre is op swartriden. NS en Noordned besykje om swartriders hurder oan te pakken.