Yllegaal wapenbesit by plysje

01 jun 2004 - 00:00

Der rinne yn Nederlân tefolle aginten om mei wapens wylst sy net slagge binne foar de eksamens foar wapengebrûk. Dat skriuwt minister Remkes fan Ynlânske Saken oan de Twadde Keamer. Offisjeel moatte plysjeminsken dy't de toets net helje of der net oan meidogge harren pistoalen en hânboeien en pepperspray fuortendaliks ynleverje.

Yn Fryslân hawwe ferline jier trije plysjeminsken in skoftke yllegaal mei in wapen omrûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)