Koart plysjenijs

© Omrop Fryslân
In brân hat snein foar flinke skea soarge oan in wente oan de Trekschuit op It Hearrenfean. De brân ûntstie nei alle gedachten yn de meterkast. De bewenners binne mei longklachten oerbrocht nei it sikehûs.
De plysje ûndersiket de dea fan in 74-jierrige ynwenner fan De Jouwer. De man waard freedtejûn dea fûn yn it wetter oan de Iepensteinleane. Nei alle gedachten is de man net goed wurden en mei de fyts yn it wetter telâne kaam.