Waadringids ferstoarn

31 maaie 2004 - 00:00

Op it Waad is snein in waadringids ferstoarn. De 44-jierrige man út Gryptsjerk wie mei in groep op paad, doe't er in kilometer út de kust by Holwert net goed waard. Waadrinners ha noch besocht him te reanimearjen. Dat slagge net.

In helikopter fan de marinebasis yn Den Helder hat it lichem nei de wâl brocht. Nei alle gedachten hat de man in hertstilstân hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)