NNO siket nije Fryske ferskes

31 maaie 2004 - 00:00

It Noord Nederlands Orkest, NNO, ropt begjinnende ferskeskriuwers op om nije komposysjes te meitsjen mei in Fryske tekst. It orkest docht datselde yn Grinslân en Drinte. It NNO hat dizze wedstriid útskreaun yn it ramt fan it 15-jierrich bestean takom jier.

De winnende komposysjes sille arrangearre en útfierd wurde troch it NNO en ferskate regionale artysten. Foar Fryslân binne dat Piter Wilkens en Douwe Heeringa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)