Skoallen Lemsterlân befeilige

31 maaie 2004 - 00:00

De iepenbiere basisskoallen yn Lemsterlân krije in alarmynstallaasje. Dat kostet de gemeente hast 170.000 euro. It alarm is nedich om't de skoalle oars net mear fersekere wurde kin. Der wurdt de lêste tiid yn hiel Nederlan in soad ynbrutsen by skoallen. Guon fersekeringsbedriuwen wolle skoallen dêrom net mear as klant ha.

Op de njoggen skoallen yn Lemsterlân komt neist in ynbraakalarm ek in befeiliging tsjin brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)