Hans Lolkema wint Highland Games

30 maaie 2004 - 00:00

It Iepen NK Highland Games waard sneon hâlden yn Droegeham. Der wiene 15 dielnimmers, wêrûnder Fryske toppers as Gerrit Visser (Drylts), Wout Zijlstra (Folsgeare), Sierk Kooistra (Droegeham) en Hans Lolkema (Sleat).

Der wiene fiif ûnderdielen: Putting the stone, Weight for distance, Throwing the hammer, Weight for height en Caber Toss. Hans Lolkema wie nei Wout Zijlstra (dy't foar spek en brea meidie) de sterkste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)