Wenningbrân yn Dokkum

29 maaie 2004 - 00:00

In frou fan 62 jier is sneontemoarn ferwûne rekke by in wenningbrân. De brân ûntstie yn har wenning oan de Suderbaanstrjitte. De frou soe gau it hûs út, mar kaam te fallen. Se rekke dêrby ferwûne oan har hân.

De dokterswacht naam de behanneling fan de ferwûnings foar syn rekken. De wente rûn reek- en wetterskea op. It fjoer yn de wenning yn Dokkum ûntstie doe't by it itensieden de flam yn de panne sloech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)