Eurovoetbal: Fean wint fan Ajax

© Omrop Fryslân
Hearrenfean is it Eurovoetbaltoernoai freed goed út ein set. Yn it Abe Lenstrastadion waard mei 2-1 wûn fan Ajax. Hearrenfean spile sneon tsjin AZ. Dat waard 1-1. Sneontemiddei ferlear de ploech fan Chivas Guadalajara mei 2-0.
Eurovoetbal is in grut ynternasjonaal toernoai foar spilers oant 20 jier. Der dogge 12 ploegen oan mei. It toernoai is foar it grutste part yn stadions yn Grins. Oare ploegen dy't meidogge binne ûnder mear Glasgow Rangers en Parma.