Hûnen yn beslach nommen

29 maaie 2004 - 00:00

De plysje hat tongersdei acht hûnen yn beslach nommen yn it easten fan Fryslân. Sy troffen by in man fiif pitbull-terriërs oan. Dy binne yn Nederlân ferbean.

Fierder hie de man ek noch twa American Staffords mei in stambeam en in Stafford mei in ûnlêsbere tatoeaazje yn de earen. Alle bisten binne yn beslach nommen. De plysje fûn ek twa fjoerwapens, yllegale genêsmiddels en in tal kadavers fan hûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)