V&D goed taret op bommelding

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan de V&D oan de Nijstêd yn Ljouwert wiene goed taret op in bommelding. Alle moannen wurdt der oefene en moat de winkel folsein ûntromme wurde. Der binne ôfspraken mei in oare grutte winkel op de Nijstêd, de Hema, dat de minsken dêr by need ûnderbrocht wurde kinne. Oarsom jildt dy ôfspraak ek.
Doe't de melding tongersdei kaam, wie der gjin reden foar panyk. De winkel hat in goed oere ticht west.