Skylge moat suniger oan

28 maaie 2004 - 00:00

Skylge moat de kommende jierren 450.000 euro besunigje. De gemeente krijt minder Ryksjild en it toerisme wurdt ek minder. Oant no ta siet de toeristebelesting by it boatkaartsje yn, mar de gemeente wol dat tenei fia de rekreaasjeûndernimmer dwaan.

By de priis fan it boatkaartsje waard altyd belesting ynbard op grûn fan in ferbliuw fan fiif nachten. De gemeente sil no ynbarre nei it tal nachten dat de toeristen der ek echt ferbliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)