Wik FTC wol jild fan Linders

28 maaie 2004 - 00:00

Turnclub Wik FTC fan It Hearenfean wol 3000 euro hawwe fan turnster Loes Linders. Sy stapte ûnferwachts oer nei de club De Hazenkamp út Nijmegen. Dêr hopet se noch kâns te meitsjen op pleatsing foar de Olympyske Spullen fan Athene.

De Feanster turnclub giet dêr net mei akkoart. Om't Linders midden yn it seizoen opstapt, is dat in tebeksetter foar Wik FTC. Dêrom wol dy club no jild fan har sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)