Nije boartoer by It Amelân

© Omrop Fryslân
Op de Noardsee boppe It Amelân komt dizze dagen in nije boartoer te stean. De ynstallaasje komt neist it platfoarm dat der no stiet, sawat 3 km út 'e kust.
De nije ynstallaasje is nedich foar in fjild dat al yn 1965 fûn is. It gas dêr is hiel dreech te winnen en dat ferget spesjale techniken. Mei-elkoar sit der 2 miljard kúb gas yn 'e grûn. Dat is genôch om 1 miljoen húshâldens in jier lang fan gas te foarsjen.