Alderlêste wedstriid Cambuur

28 maaie 2004 - 00:00

SC Cambuur spile tongersdei de alderlêste wedstriid fan it seizoen 2003/2004 en wûn mei 5-0 fan 'e Ljouwerter amateurseleksje. Radoslav Samardzic, Manuel Bölstler, Raymond Bronkhorst, Michel van Zundert en Jelmer Slager makken de goals.

Samardzic, eks-spiler by Hearrenfean en Feyenoord, spile mei op proef. Oer syn takomst by Cambuur wurdt de kommende wike in beslút nommen. Dat jildt ek foar de Sweed Daniël Luteka.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)