Ekskuzes wethâlder Appelhof

28 maaie 2004 - 00:00

Wethâlder Appelhof fan Dongeradiel hat him ferûntskuldige by wethâlder Veenstra fan Achtkarspelen. It skeel gie oer de Lauwerspas dy't minima koarting jout. Op it lêste momint die Achtkarspelen dêr net oan mei.

Appelhof sei dat dy stress de reden wie fan 'e sykte fan Veenstra. Dat is net sa. De twa ha it útpraat. Achtkarspelen kriget fan de kollega-gemeenten noch wol in skeafergoeding foar it net meidwaan oan 'e Lauwerspas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)