Skûtsjekommisje Grou jubilearret

28 maaie 2004 - 00:00

De skûtsjekommisje Grou fiert de kommende wiken it 75-jierrich bestean. Dat wurdt ûnder oare dien mei in jubileumwedstryd en in teaterspektakel.

Foar dy lêste aktiviteit is it Aquaverium yn Grou omboud ta teater. Spile wurdt de revue 'It brûs foar de kop'. De revue is skreaun troch Peter Sybenga. Dy docht ek de rezjy. Rients Gratama spilet in haadrol. It spektakel is seis kear te sjen. Twa foarstellings binne al útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)