Avondvierdaagse omlaat

© Omrop Fryslân
De Avondvierdaagse is omlaat yn ferbân mei in falske bommelding. Tongersdei oan de ein fan de middei kaam der in melding binnen dat der in bom lizze soe yn de V&D yn Ljouwert. De 2500 kuierders soene finishe op it Saailân. Dat koe net trochgean om't it gebied ôfset wurde moast. De bern binne no fia it FEC nei de bernebuorkerij rûn.
De ferpleatsing fan 'e finish soarge foar in soad betizing by de tûzenen âlders en de nedige ferkearsgaos.