Noar Hanssen nei SC Heerenveeen

27 maaie 2004 - 00:00

SC Heerenveen hat André Hanssen út Noarwegen foar kommend seizoen fêstlein. De 23-jierrige middenfjilder tekent, as er troch de medyske keuring komt, in oerienkomst foar 3,5 jier.

Hanssen komt pas yn jannewaris takom jier nei It Hearrenfean ta. Hy makket earst noch it Noarske seizoen ôf by syn klub Bodo/Glimt. De jeugdynternasjonal is dan transferfrij. Hanssen spile oant no ta 108 wedstriden, wêrfan trije yn 'e Europacup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)