Boonstra wint Bulleloop

27 maaie 2004 - 00:00

Jan Boonstra fan Snits hat woansdei de Bulleloop yn Lekkum wûn. Boonstra lei de tsien Ingelske milen ôf yn 56 minút en alve tellen. Auke Postma fan Damwâld hie 22 tellen mear nedich. Dêrnei duorret it 2 minuten en 15 tellen oant Jacob van der Ley fan Ljouwert as tredde binnenkaam. Pieter Talsma fan Warten wie de bêste op de 10 kilometer.

Yn Grins waard Linda Swart fan Snits noardlik kampioene op de 100 meter. De winnende tiid wie 12'81".

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)