Program Oerol is bekend

27 maaie 2004 - 00:00

It programma fan Oerol is bekend. Goed 75 selskippen bringe teater en dûns op it festival op Skylge. Mear as 40 bands sille spylje en 20 keunstners litte har wurk sjen. Te sjen binne ûnder oare Kees Roorda, Vis à Vis, Yaël Artsi, Dogtroep, Wad bij Nacht, The Lunatics, Polly Maggoo en Toneelgroep Oostpool.

Tema dit jier is Niemandsland. Op de webside stiet in folslein oerjoch (www.oerol.nl). Oerol begjint 11 juny en duorret oant en mei 20 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)