UR Noordned: ultimatum ferskowe

27 maaie 2004 - 00:00

De fakbûnen en de ûndernimmingsried fan Noordned stelle de meiwurkers foar om it ultimatum tsjin it ferfiersbedriuw út te stellen. Dit nei oanlieding fan de beneaming fan âldfakbûnsman Hoekzema as bestjoerder fan Noordned.

De UR en de fakbûnen stelle no foar om earst mei Hoekzema te praten, foardat der mooglik wer aksje fierd wurdt. De meiwurkers easken earder dizze wike dat direkteur Braam foar 1 juny opstapt. De UR wol op 2 juny mei Hoekzema prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)