Nij bestjoer Wetterskip keazen

© Omrop Fryslân
Hast tritich prosint. Dat wie de opkomst foar de ferkiezings fan in nij bestjoer foar Wetterskip Fryslân. Oan de ferkiezings dienen 202 kandidaten mei foar 31 sitten. Seis froulju komme yn it bestjoer. De trochsneed leeftyd fan de rest fan de manlike bestjoerders leit om de 52 jier hinne.
De lêste ferkiezings foar it wetterskip wienen sân jier lyn. Doe moasten de Friezen derfoar noch nei de stimbus en brocht alve prosint syn stim út.