10 moanne foar deasjitten jonkje

26 maaie 2004 - 00:00

In eardere wethâlder fan de Belgyske gemeente Kalmthout is feroardield ta tsien moanne selstraf ûnder betingst. De man skeat ein 2001 syn doe 6-jierrich buorjonkje dea. Hy wie doe syn nije pistoal oan it testen.

It jonkje wie in pear moanne dêrfoar út Ljouwert nei België ferhuze. De offisier fan Justysje hie in jier selstraf tsjin de man easke. It jonkje is te hôf brocht yn Ljouwert. Syn famylje wennet yntusken wer yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)