Probleemjongeren yn Ljouwert

26 maaie 2004 - 00:00

Jongeren yn bepaalde wiken yn Ljouwert binne gewelddiedich en brûke tefolle drugs. Ek wurdt der in soad smookt. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder 2800 learlingen fan middelbere skoallen. Dêrby is sjoen nei it gedrach fan jongeren thús en op skoalle.

Dêrút kaam nei foaren dat der sa'n fiif probleemwiken binne yn Ljouwert. Dat binne ûnder oare Huzum, Achter de Hoven en de Schepenbuurt. De gemeente sil in previnsjeplan meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)