Mooglik boete foar NoordNed

26 maaie 2004 - 00:00

De provinsje Fryslân driget ferfiersmaatskippij NoordNed mei in boete as it iepenbier ferfier yn de provinsje plat komt te lizzen. Dat seit deputearre Ton Baas. Ek de provinsje Grinslân hat dy warskôging jûn oan NoordNed.

It personiel fan de ferfiersmaatskippij wol it wurk op woansdei 2 juny dellizze, as direkteur Braam in dei earder net opstapt. De wurknimmers ha dat moandei besletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)