Gjin stipe foar bedriuweterrein

© Omrop Fryslân
Bedriuweterrein Ljouwert-West grypt neist de pot mei jild út Den Haach. Op in list fan steatssekretaris Van Gennip steane 50 terreinen yn Nederlân dy't de kommende fjouwer jier miljoenen euro's stipe fan it ryk krije kinne.
Ljouwert-West mei in pear hûndert hektare grut en goed foar sa'n 5000 banen, soe ek op dy list komme. Dat is net trochgien. Wethâlder Tom van Mourik fan de gemeente is teloarsteld en ek de ûndernimmers hienen op stipe hope.