Debút-cd foar Dakloos

25 maaie 2004 - 00:00

De Ljouwerter band Dakloos hat in cd útbrocht mei de titel Kolerezooi! De bandleden binne, sa't al út de namme bliken docht, dak- en thúsleas. It projekt is opset troch stichting Skrep. Doel is dakleazen te helpen oansluting te krijen mei de maatskippij.

Sûnt febrewaris ha de fiif bandleden der mei dwaande west. Se ha sels de tekst en de muzyk skreaun. Der binne 500 eksimplaren drukt. De opbringst wurdt brûkt foar in twadde cd-projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)