Magister Alvinus moat besunigje

25 maaie 2004 - 00:00

By Magister Alvinus ferdwine de kommende tiid tsientallen banen. De skoalmienskip yn Snits hat in tekoart fan 1,7 miljoen euro en moat it personielsbestân fan 220 minsken ynkrimpe. Twongen ûntslaggen falle der net. Kontrakten mei tydlike krêften wurde net ferlingd. Ek kinne âldere dosinten earder út it wurk.

De reorganisaasje is nedich om't de ynternasjonale skeakelklassen net mear besteane nei't it azc sluten is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)